• Iepen dei!

    7 novimber is it wer tiid foar de iependei! Dizze dei sille wy begjinne mei in smûke frijmibo. Fanôf 16:00 binne jimme wolkom op soas foar spultsjes en natuerlik wat snackjes! Ast noch net fol bist nei de snackjes, kinst om 18:00 oanslute by it jûnsiten. Dernei is der fanôf 21:00 live muzyk fan Sytse Haima!

    Kom del mei dyn maten en sjoch ris by Bernlef om 'e hoek! It tema is ûnder de see, dus wy sille in lekker blau drankje yn'e oanbieding ha: de blue lagoon! Kom ferklaaid as dyn favorite seebist en dan meitsje wy der in leuk feestje fan!

    Skriuw dy hjirûnder yn foar it jûnsiten. Dieetwinsken kinst oanjaan yn 'e reaksjes.

    Lês mear (3) Ynskriuwe (12)

    Renske de Boer Hendrik Haima Antsje Kroes Sibren Kingma Amber Boomsma Britt Fritsma Teatske Prins Jasper Elias Andringa Tamara Postma Doutsen Hamstra Gijs Sirag Lisa Westra

  • IGBK 2025

    It is eindelik wer sa fier, op 13 novimber 2025 sil it IGBK plakfine! 

     

    Barklúnen is de legendaryske sport dêr't dielnimmers tsjin inoar sa gau mooglik oer de bar by krûpe en ûnderwilens in shot bearenburch en in glês pils drinke. Dyjinge dy't it earst it glês pils leech dronken hat en werom op de bar setten hat, hat wûn!

    Wolsto dyn talint foar barklúnen sjen litte en troch Klún Ferbûn fan de troan stjitte? Foarm dan in team fan trije persoanen en skriuw dy yn fia de link hjirûnder. Ynskriuwe kin oant 9 novimber 23:59.
     

    https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSdOzVV9B0JU5leiAu7VP6DyLhCHSYzYR2juJOOJdd5T1zrRxA/viewform?usp=dialog 

     

    ------------------------------

     

    Het is eindelijk weer zover, op 13 november 2025 zal het IGBK plaatsvinden!

    Barklúnen is de legendarische sport waarbij deelnemers tegen elkaar zo snel mogelijk over de bar kruipen en ondertussen een shot beerenburg en een glas pils drinken. Degene die het eerst het glas pils heeft leeggedronken en terug op de bar heeft gezet, heeft gewonnen!

    Wil jij je talent voor barklúnen laten zien en Troch Klún Ferbûn van de troon stoten? Vorm dan een team van drie personen en schrijf je in via de link hieronder. Inschrijven kan tot 9 november 23:59.

     

    https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSdOzVV9B0JU5leiAu7VP6DyLhCHSYzYR2juJOOJdd5T1zrRxA/viewform?usp=dialog 

    Lês mear (0)