Ynlogge : Unthâld
Thús
Algemiene Ynfo
Foto's
Bestjoer De Stifting Bestjoeren út it ferline
Bernlef yn it nijs
Kommisjes
Rûnten
Kontakt
Links
Aginda
Kursus Frysk
It lustrum
Band
Klik hjir foar de folsleine aginda.
• 07 september 2010
  Keatsen
• 07 september 2010
  After Kei feest
• 10 september 2010
  Skier Kamp
• 14 september 2010
  Keatsen
• 16 september 2010
  HG
Hjoed is d'r net ien jierdei







http://www.888.com/
Fryslân spilet spultsjes yn Casino 888





Kom by Bernlef, ferken dyn Grins!
Bestjoer Alde Maaie   Print 

Foarsitter – Hilde Houtsma
Hilde is de foarsitster fan dit stel. Se is 21 jier en begjint yn septimber oan har Masterprogramma fan de stúdzje bedriuwskunde oan de RUG. Dit jier is it 4e jier dat se lid is by Bernlef. Foardat se yn it bestjoer stapte hat se al in soad kommisjewurk dien, wêrûnder fjk’s, snuteboek en fansels in jier SB. Se hopet dizze erfaring dit jier brûke te kinnen yn har funksje as Foarsitster. Sy sil de gearkomsten liede, se is ferantwurdlik foar de algemiene saken binnen Bernlef en fansels ek de Fryske saak. Neist Bernlef is se hielendal gek fan de muzyk. Se spilet dan ek cornet en trompet by meardere bands en orkesten, wêrûnder de eigen band fan Bernlef: Broozed. Har âlden wenje yn Warkum, hjir is se dan ek noch wol regelmatig te finen.





Skriuwer – Jacob-Kees van der Heide
Jacob-Kees rint al in moai skoft mei by Bernlef, mei sawol aktive as minder aktive perioaden. Mei syn 25 jier libbenserfaring is hij de âldste fan it bestjoer. Hij hat it diploma fan it HBO al yn ‘e bûse en is op it stuit dwaande mei de stúdzje Technology Management oan de RUG. Hij sil dit jier de funksje fan Skriuwer op him nimme. Hij behandelet alle yn- en útgeande post en is ferantwurdlik foar de administraasje. Ek skriuwt hij ferslagen fan gearkomsten, en dit alles yn it geef Frysk fansels. Jacob-Kees komt út Mantgum, wêr hij opgroeit is mei syn âldere sus. Fierder is Jacob-Kees erch sportyf en mei hij graach in potsje kuorbalje.



 

Ponghâlder – Rein Jensma
De 19-jierige Rein is de Benjamin fan it bestjoer. Hij sit op it stuit yn it 2e jier fan de stúdzje Bedriuwsekonomy oan de Hanze Hegeskoalle. Rein is noch net sa lang lid by Bernlef, mar hat yn in koarte tiid al in moaie reputaasje opboud. Doe’t der in nij bestjoer foarme waard wie hij der al gau by. Dizze man hat in soad doel oer sifers, en dat is dan ek de reden dat hij ús ponghâlder wêze sil. Dus ast jild nedich hast, dan moast by Rein wêze! Ek sil hij sit nimme yn 'e stifting. Neist de finansjele kant leit der by Rein in útdaging om it Frysk goed ûnder de knibbel te krijen. Rein is opgroeit yn de Wilgen flakby Drachten.

 




Eskterne (earste bysitter) – Mirte de Haan
En dan de eksterne, Mirte. Dizze 21- jierrige HBO rjochten-studint is in gesellige meid mei in flotte babbel. It is dan ek net sa gek dat sy de eksterne wurden is. Troch har erfarings yn it debattearen hat se har wurdsje altyd klear en sil se Bernlef bûten de ferieniging fertsjinwurchje. Al sûnt se lid waard wie se derfan oertsjûge dat se bestjoer dwaan woe om har sa ynsette te kinnen foar de ferieniging. Se is ferantwurdlik foar it kontakt mei eksterne partijen. Ek sil se sit nimme yn it oerkoepeljende orgaan fan de erkende studinteferienigings: de Contractus. Dêrneist sil se de kontakten mei de buorlju ûnderhâlde om sa de lûdsoerlêst te minimalisearjen. Se is opgroeid yn Hornsterweach en hat 1 sus.


 

Ynterne (twadde bysitter) – Sytze Postma
Sytze Postma stapt ek al in skoftke om by Bernlef. Sytze hâldt fan reizgjen. Nei’t er syn VWO helle hie is der earst in heal jier nei Nij Seelân wist om te backpacken. Doe’t er werom kaam waard it dôchs mar tiid om te studearjen. De kombinaasje fan syn affiniteit mei bedriuwskunde en leafde foar it bûtenlân lieden ta de kar foar de stúdzje IBM oan de RUG. Foar dy stúdzje hat er ek noch in jier yn Sweden studearre. Fia Fia is der ek by Bernlef terjochte kaam. De 22 jierrige Sytze hat al de nedige kommisjes op syn namme stean wêrûnder de Lustrumkommisje en it SB. Yn it wykein wurket Sytze by syn âlders op de soarchbuorkerij yn Oentsjerk. Sytze sil de ynterne saken foar syn rekken nimme. Sa is hij ûnder oare fertrouwenspersoan en nimt hij de kommisjes foar syn rekken.



http://www.lustrum.org/