|
|
|
|
|
|
Tradysjegetrou is it alle jierren rûn febrewaris wer tiid foar de Kiezel. De Kiezel is de lytse keiwike (fandêr de namme kiezel) foar de lytse studinteferienings yn Grins. Dit jier sil de kiezel op tiisdei 23, 24 en 25 febrewaris wêze mei in ferskaat oan aktiviteiten by Bernlef. Sa sil op tiisdei de band “de Koffer” optrede, is der woansdeis in toernoai barklune en sil tongersdei de band NNB optrede! En fansels wurdt der alle dagen om 00:00 oere it Frysk Folksliet songen, wat de start foar it Kola Bearenburg pykoere is.
Klik foar it folseine program op “Lês mear”.
Wy hoopje dy te sjen tidens de Kiezel op de Túnstrjitte,
De FJK III Kiezel program FFJ Bernlef Tiisdei 23 febrewaris 19.00u Ite op de soas 22.00u Band 'De Koffer' 00.00u Frysk Folksliet 00.00-01.00u Pykoere 04.00u Sop en bôle Woansdei 24 febrewaris Temafeest 'Suertsje siket seksy' 19.00u Ite op de soas 22.00u DJ 00.00u Frysk Folksliet 00.00-01.00u Pykoere 01.30 Barklune 04.00 Sop en bôle Tongersdei 25 febrewaris 19.00u Ite op de soas 20.30u Pubkwis 22.30u Band 'NNB' 00.00u Frysk Folksliet 00.00-01.00u Pykoere 04.00u Sop en bôle Freed 26 febrewaris 12.00 Fremibo |