|
Fanôf april 2009 is der wer de mooglikheid om by Bernlef in Fryske kursus te folgjen. Foar de minsken fan foarich jier is der yn Septimber al in eksamen te heljen.
In pear regels om goed Frysk te skriuwen:
- Oan it ein fan in wurd stiet altyd in 'ch', en net in 'g'. Dus: aardich, kroech. By gearstallings bliuwt dit sa: kroechbaas.
- Oan it begjin fan in wurd stiet altyd in 'f', en net in 'v'. Dus: feest, fariaasje, feardich. Yn in wurd kin wol in 'v' stean. Dus: ferdivedaasje.
- Oan it begjin fan in wurd stiet nea in 'c', mar in 's' of 'k'. Dus: Kanada, sjirurch, sintrum. Allinne by guon frjemde wurden mei de 'c' stean bliuwe (bygelyks campus), mar dit is net faak sa.
- Oan it begjin fan in wurd stiet nea in 'z', mar in 's'. Dus: see, Sweden.
- Der stiet in spaasje mei ' (apostrof) foar in wurd at in hiel, lossteand wurd mei in ' ferkoarte is. Dus: op 'e, yn 'e, ha 'k ensfh. Net: op'e, yn'e, ha'k.
- Der stiet in ' yn in wurd at it de meartalsfoarm is fan dat wurd of at it de ferkoarting fan in diel fan it wurd is (meastal is it dan in ferkoarting fan dat). Dus: auto's, om't (=omdat).
- At in wurdlid (lettergreep) iepen is, dat wol sizze dat der in klinker oan it ein fan it wurdlid stiet, hoecht der gjin streekje op in 'ú'. Dus: rút en ruten.
- At in letter mei in dakje (û) as streekje (ú) in haadletter is, hoecht it dakje as streekje der net mear op te stean. Dus: Under en ûnder. Aldlid en âldlid. Ut en út.
- Swakke tiidwurden dy't einigje op -e kinne neffens bakke en heine ferbûgd wurde. Swakke tiidwurden dy't einigje op -je kinne neffens hoopje ferbûgd wurde.
- It mulwurd (voltooid deelwoord) fan Fryske tiidwurden begjint nea me ge-. Dat is in Hollânsk ynslûpsel. Gewoan útgean fan it tiidwurd sels. Dus: bard (fan barre) ynstee fan gebeure, berne ynstee fan geboren. Folgje de ferbûging fan hjirboppe: bakke en bakt, hoopje en hope, ensfh.
- It bepaalde besitlik foarnamwurd (syn, myn, har) moat sa min mooglik brûkt wurde as witst oer wa'tst it hast: dat "Pyt stjit syn tean tsjin de boekekast" wurdt "Pyt stjit de tean tsjin de boekekast". By famylje moast altyd "ús" brûke (ús Klaas, ús mem).
Dit binne noch net alle regels foar dinkjes dytst yn wurden tsjinkomst, mar dit binne faak foarkommende flaters dy't maklik ôf te learen binne. Dan binne der ek noch in stikmannich regels foar hoest sinnen skriuwst. Ek hjir efkes de meast foarkommende op in rychje:
- Yn it Frysk brûkst dêr't at it weromwiist nei in wurd earder yn 'e sin. Brûkst wêr't at it foarútwiist nei in wurd fierderop yn 'e sin. Dus: De man dêr't wy it oer hawwe is Pyt. en Wêr't wy it oer hawwe is Pyt.
- De tiidwurdfolchoarder is yn it Frysk sa no en dan oars as yn it Hollânsk. It belangrykste tiidwurd moat bygelyks foaroan by meardere helptiidwurden: “ik heb het zien regenen” wurdt “ik ha it reinen sjoen.” Harkje nei jim pake en beppe om it goed te krijen, of folgje de kursussen Frysk by Bernlef!
En dan binne der fansels dy wurden dy't sa faak neffens de Hollânske stavering dien wurde (dit wurde ynlsûpsels neamd), mar dy't dochs echt wol in prachtich geef wurd yn ús eigen Fryske taal hawwe. Hjir steane in stikmannich fan sokke faak foarkommende ynlsûpsels mei it goeie Fryske wurd der by:
| Nederlânsk |
Frysk |
Nederlânsk |
Frysk |
| beerenburg |
bearenburch |
bijna |
hast |
| natuurlijk |
fansels |
laatste (folchoarder) |
lêste |
| eindelijk |
einlings |
laatste (tiid) |
letste |
| eigenlijk |
einliks, eins |
in |
yn |
| uiteindelijk |
úteinlik |
een |
in |
| steeds |
hieltyd, altyd |
één (1) |
ien |
| die (oanwize) |
dy |
vaak |
faak |
| deed (fan 'doen') |
die |
misschien |
faaks |
| hij, wij, zij, mij, jij, u |
hy, wy, sy, my, do, jo |
toch |
doch(s) |
| bij |
by |
na |
nei |
| bij (insekt) |
bij |
naar |
nei |
| zin in |
sin oan, nocht oan |
tot |
ta, oant |
| bijvoorbeeld |
bygelyks |
regel (skriuwe) |
rigel |
| zelfs |
sels |
regel (wet) |
regel |
| zich |
him, har, jin |
op zich (zelf) |
op himsels |
| behalve |
útsein |
|
|
Ast no echt net wist hoe't in wurd skreaun wurde moat en do hast gjin wurdboek by de hân, tink der dan oan dat it Frysk in tige fonetyske skriuwtaal hat. Oftewol, skriuw it sa ast it útsprekst.
Súkses, en dat jimme in soad skriuwe meie! . Daryl |