Ynlogge : Unthâld
Thús
Algemiene Ynfo Lid wurde? Lid worden? De Pizel, ús kroech Promoasje Posters Jieraginda Aktyf lid wurde?
Foto's
Bestjoer
Bernlef yn it nijs
Kommisjes
Rûnten
Kontakt
Links
Aginda
Kursus Frysk
It lustrum
Band
Klik hjir foar de folsleine aginda.
• 07 september 2010
  Keatsen
• 07 september 2010
  After Kei feest
• 10 september 2010
  Skier Kamp
• 14 september 2010
  Keatsen
• 16 september 2010
  HG
Hjoed is d'r net ien jierdei







http://www.888.com/
Fryslân spilet spultsjes yn Casino 888





Kom by Bernlef, ferken dyn Grins!
Dit is Bernlef   Print 

 

FFJ BERNLEF - GRINS

De namme:
Oprjochte yn:
Tal leden:
Adres:
Tillefoan:
Website:
Email:
Iepeningsdagen:
Iepeningstiden:
Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef
1925
Rûn de 200
Tuinstraat 22, 9711 VD Grins
050 - 312 11 47
www.Bernlef.com
Bestjoer@Bernlef.com
Tiisdei, tongersdei en freeds
Fan 21.30 oere ôf

Wêr stiet F.F.J. Bernlef foar?

De feriening foar Fryske Jongerein Bernlef is yn 1925 oprjochte as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat, soms fier útienrinnende types fan minsken. Bernlef hat in iepen karakter, wat ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ‘ontgroening’ is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje. Asto dy oanmeldst as kandidaatlid bisto op in pear formaliteiten nei fuortendaliks al folweardich lid.

Wêr kinne wy Bernlef fine?

De soasjeteit fan Bernlef is te finen oan de Tuinstraat, op nûmer twaentweintich. Fanôf de Grutte Merk is de soas ridlik maklik te berikken. Rin de poelestraat yn en rin dy strjitte út oant datst oer it Schuitendiep (brêge) bist. Dan moast lofts ôfslaan en dan fuortendaliks wer rjochtsôf. No bist al yn de Tuinstraat. It pân mei it blauwe úthingboerd dêr't 'BERNLEF' op stiet is de Pizel, de soasjeteit fan Bernlef.

Kom rêstich ris del atst nijsgjirrich bist nei ús. Bist yn prinsipe altyd wolkom, behalve op de dagen dat der in ledegearkomste (HG) is (sjoch dêrfoar op de aginda). Hâld der rekken mei datst it bêste op in tiisdeitejûn as in tongersdeitejûn delkomme kinst om't dat ús reguliere soasjûnen binne. Meastentiids wurdt it fan in oere as healwei alven ôf drok op de soas en faak hâlde wy pas wer op as echt eltsenien syn nocht hat (let dus).




http://www.lustrum.org/