Ynlogge : Unthâld
Het studentenleven
Klik hjir foar de folsleine aginda.
• 30 maaie 2013
  Beliedsjûn
• 06 juny 2013
  Sprekker
• 07 juny 2013
  Sylalvestêdetocht
• 13 juny 2013
  HG fan 'e simmermoanne
• 20 juny 2013
  Freone en freondinnefeest letter N
Ydwine Scarse lokwinske mei dyn 24'e jierdei!





RenovatioCMS


Lid wurde?   Print 

Moat ik ek foldwaan oan bepaalde easken om lid te wurden?

Bernlef is in feriening foar Fryske jongerein yn Grins en is te beskôgjen as in studinteferiening, dochs hoechst net perfoarst studint of sels Fries te wêzen om lid te wurden. It iennichste ding dat fan dy ferwachte wurd, is datst dy posityf opstelst tsjinoer it Frysk en de Fryske aard en kultuer. Ast net Frysk prate kinst, kinne wy dy in kursus Frysk foar net-Frysktaligen oanbiede.

Is it djoer om lid te wêzen by Bernlef?

Nee, it lidmaatskipsjild is 82,50 euro yn it jier (fergelykje dat mar ris mei de ledejilden by oare ferienings!).

Yn ruil hjirfoar biede wy dy it hiele jier troch allerhande aktiviteiten oan en is der in lege drankpriis yn de Pizel. Neist de 'gewoane' ferieningsaktiviteiten is der sa no en dan ek de mooglikheid om mei in útlânske reis mei te gean. Yn febrewaris 2011 wie der bygelyks in skifakânsje yn Frankryk en elts foarjier is der in liftkriich nei it bûtenlân.

Is der ek in "ontgroeningsritueel" by Bernlef?

Nee. By Bernlef is der gjin 'ontgroening', dus gjin lange perioade mei ferplicht in protte drank, in bytsje sliep en hurde fernederings. Dit hâldt yn datsto fan it momint ôf datst lid bist deselde rjochten (en plichten) hast as alle oare leden.

Hoe wurd ik dan úteinlik lid? En wannear?

Stap binnen by Bernlef - ful in ynskriuwformulier yn - do bist kandidaatlid.

No kinsto in skofke oansjen of Bernlef wat foar dy is. Meist fuortendaliks oeral al oan meidwaan, hast allinich gjin stemrjocht op ledefergaderings. Meist maksimaal 4 moannen kandidaatlid wêze. Binnen dizze tiid moasto ynaugurearre wêze, mar dat moat altyd slagje ofwol op kamp of op ynauguraasje yn Grins.

Dochs noch in pear fragen?

Kom del en stel se oan de oanwêzige leden. Yn noed kinst ek altyd it bestjoer maile, op bestjoer@bernlef.com.