 |
| • 07 september 2010 Keatsen |
| • 07 september 2010 After Kei feest |
| • 10 september 2010 Skier Kamp |
| • 14 september 2010 Keatsen |
| • 16 september 2010 HG |
|
Hjoed is d'r net ien jierdei |
|
|
Fryslân spilet spultsjes yn Casino 888
|
|
|
|
|
|
|
|
Wolkom op bernlef.com! FFJ (Feriening foar Fryske Jongerein) Bernlef is in studinteferiening foar Fryske studinten yn Grins. Op dizze side kinst mear ynformaasje fine oer wat wy binne en wat wy dogge. Ek kinst de ynfo flyer dellade. Bist nijsgjirrich wurden? Kom dan ris del!
Wy binne eltse tiisdei, tongersdei en freed fan 21:30 oere ôf iepen. Do kinst ús fine op de Túnstrjitte 22 yn Grins.
Wy hoopje dy gau te sjen!
|
|
|
Tiisdei 7 septimber: AFTER-KEI Party
|
|
|
|
|
|
Alle leuke aktiviteiten fan de KEI wike komme noch ienris foarby mei dit AFTER-KEI feest! Dêrneist is it de lêste kâns om dy yn te skriuwen en mei te gean op SKIER kamp 10, 11 & 12 Septimber!
It program is as folget: 19:00 – Ite am soas (skilje 06-23016797 om dy op te jaan, as skriuw dy yn fia de side) 21:00 – Stef Stuntpiloat (en no mar hoopje dat hy it dwaan bliuwt;)) 22:00 – De lekkerste cocktails foar mar €2,50 00:00 – Frysk Folksliet 01:00 – Sop en bôle
Op de AFTER-KEI party sille sa folle mooglik kandidaatleden oanwêzich wêze, dus wês der by en lear eltsenien kinnen!
|
|
|
|
|
|
|
Hast do dy ynskreaun by Bernlef yn de Kei wike? Kom dan del op tiisdei 7 septimber foar it AFTER-KEI feest!
Yn 't wykein fan 10, 11 en 12 septimber gean wy mei-inoar op kamp nei Skier. Yn dit wykein sille alle kandidaat-leden ynaugureerd wurde en sille de ferskate leuke aktiviteiten yn it teken stean fan yntegraasje fan de nije leden.
Gean mei en lear Bernlef kinnen!
Mochtest as kandidaatlid net mei kinne op kamp, dan is der op tiisdei 21 septimber in stêds-ynauguraasje.
It Bestjoer
|
|
|
Fryske Taal en Kultuer (RuG)
|
|
|
|
|
|
|
Lear alles oer dyn heitelân en dyn memmetaal!
“Kinst yn Grins Frysk studearje?!!” Ja, dat kin, oan de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan ’e RuG. Mei in stêf fan fiif tige belutsen en betûfte dosinten biedt Fryske Taal en Kultuer oan sawol RuG- as hbû-studinten graach de mooglikheid om leechdrompelich mar heechweardich ûnderwiis te krijen. Troch it beskieden tal studinten is de begelieding by de stúdzje Fryske Taal en Kultuer tige persoanlik. En wa’t dat doart, kin – mooglik sels mei in Erasmus-beurs – guon fakken folgje oan ús Noard-Fryske susterynstitút yn Kiel, Noard-Dútslân.
Mar de stúdzje is net allinne oantreklik foar haadfakstudinten: der is ek alle romte foar studinten fan oare stúdzjes (ek hbû) om fergees ien of mear byfakken te folgjen. De ECTS-punten dy’tst dêrmei fertsjinnest, kinst ynsette yn de frije romte fan dyn BA. Mochtest bygelyks allinne knap Frysk praten of skriuwen leare wolle, of in kolleezje oer de Fryske skiednis folgje wolle, dan bist by ús ek folslein te plak!
Under lês mear folget ynformaasje oer de oplieding Fryske Taal en Kultuer: hokker kursussen binne der it kommende semester, hoe kinst dy opjaan, hoe sit it mei de tiden en plakken, en hoe kinne hbû-studinten meidwaan?
Groetnis,
Goffe Jensma en Anne Popkema
Rijksuniversiteit Groningen ôfdieling Fryske Taal en Kultuer
|
|
Lês mear...
|
|
|
|
|
|
|
|
De KWEA is de keatskommisje fan Bernlef. Wy soargje derfoar dat ek yn Grins it keatsen yn eare holden wurdt. Kwea stiet foar Keatse, Wille, Emoasje en Aksje! Al dizze fjouwer fasetten kinst yn ús eigen keatskompetysje weromfine. Eltse tiisdeitejûn om 18.30 wurdt der yn it Stedspark op it foelst striden om de djoere punten foar it klassemint. Yn 'e simmerfakânsje hâlde wy skoft sadat wy nei de KEI-wike wer fit oan de twadde helte fan de kompetysje begjinne kinne.
It nivo fan de keatsers rint sterk útein. Fan begjinners oant profs, alles kinst werom fine by Kwea. It moaie fan Kwea is dan ek dat alle spilers yn deselde kompetysje meikeatse, wat faaks spektakulêre aksjes opleveret. Kinst net keatse? Hindert neat, wy stean klear om dy de kneepkes fan it fak te learen. Al dwaande leart men, net wier? Fierders is der ek de mogelikheid om de tongersdeis om 19.00 oere te keatsen by KV Wezon op it sportfjild efter de Papiermolen. Sy ha dan heechsteande trening. Foar mear ynformaasje oer KV Wezon sjoch hjir.
Dat, kom gesellich nei it Stedspark en hou tsjin dat baltsje. Efkes al dyn frustraasjes oersette op 'e bal. Meppe beppe, allez!
De KWEA
Druk op 'Lês mear' foar it skoareboerd en wêr't it keatsen yn it Stedspark holden wurdt.
|
|
Lês mear...
|
|
|
|
|
|
|
|
Samenwerken aan een leuke studietijd? Dat kan als je je aanmeldt voor Student@lert, een gratis e-mailservice van Regiopolitie Groningen speciaal voor studenten.
Met een abonnement op Student@lert ontvang je geregeld informatie die voor jou als student van belang kan zijn. Denk hierbij bijvoorbeeld aan info over de toename van het aantal inbraken in studentenpanden of een waarschuwing voor een aanrander in jouw wijk. Het kan zijn dat je vaker een bericht van ons ontvangt. Bijvoorbeeld als er een vechtpartij heeft plaatsgevonden in het uitgaansgebied van Groningen en we snel informatie nodig zijn. In dat geval vragen we direct om jouw hulp.
Wil je ook graag Student@lert ontvangen? Meld je dan nu gratis aan!
Groet,
Nico Huismans en Matthijs Beukema
Studentencontactfunctionarissen
|
|
|
|
|