Ynlogge : Unthâld
Klik hjir foar de folsleine aginda.
• 09 febrewaris 2012
  HG
• 14 febrewaris 2012
  Kiezel!
• 15 febrewaris 2012
  Kiezel!
• 16 febrewaris 2012
  Kiezel!
• 06 maart 2012
  Eat&Greet
Hjoed is d'r net ien jierdei



http://nl.888.com/
Fryslân spilet spultsjes yn Casino 888


RenovatioCMS


Wolkom by Bernlef!

FFJ (Feriening foar Fryske Jongerein) Bernlef is in studinteferiening foar Fryske studinten yn Grins. Op dizze side kinst mear ynformaasje fine oer wat wy binne en wat wy dogge. Ek kinst de ynfo flyer downloade. Bist nijsgjirrich wurden? Kom dan ris del!

Wy binne eltse tiisdei, tongersdei en freed fan 21:30 oere ôf iepen. Do kinst ús fine op de Túnstrjitte 22 yn Grins.

Wy hoopje dy gau te sjen!


Folgje ús op:  





Kiezel 2012!  

Op 14, 15 en 16 febrewaris is it wer safier, de Kiezel! De Kiezel is de lytse KEI-wike dy't bestiet út trije iepen dagen dêr't studinten yn ûnderfine hoe't it der oan ta giet by de lytsere studinteferieinngs fan Grins. Dat betsjut fansels trije dagen feest! Sa is der twa jûnen live-muzyk en op woansdei in hiele smûke jûn mei barspultsjes (ynkl. de libbensgrutte Stef Stuntpiloat) yn neon-outfit. Hast Stef mist yn 'e KEI-wike? Kom no dan seker del! Alle jûnen wurdt der ek iten foar jim sean en jim kinne ek mei-ite. Noegje al dyn freonen út en lit se sjen hoe moai it is om lid te wêzen by Bernlef!


It program is as folget:
Tiisdei 14 febrewaris
19.30: Iten
22:00: Pop/rock coverband 'De Koffer'
03.00: Broadsje woarst

Woansdei 15 febrewaris
19.30: Radio-aktyf iten
21.30 Temafeest 'Turn me (ne)on' en barspultsjes ynklusyf de libbensgrutte Stef Stuntpiloat! Kom ferklaaid!
03:00: Broadsje woarst

Tongersdei 16 febrewaris
19.30: Iten
22:00: Fryske bluesrockband 'Skraal'
03.00: Broadsje woarst

Wolst mei-ite? Jou dy op fia 050-3121147 of mail nei fjk3@bernlef.com.

Wy hoopje dy te sjen mei de Kiezel!

Groetnis,
De FJK3


Ek Fryske studinten spylje poker online .